Resinsje Tryater-foarstelling Romte: Wjerspegeling fan it inerlik
13 10 2022It kin wer. Tryater bringt mei Romte in foarstelling wêrby’t domdryst lake wurde kin. In soarchleaze komeedzje, sûnder al te folle djipgong. Dat dan wol wer.
Dochs hat teätermakker en regisseur Eelco Venema mei Romte perfoarst gjin ‘niemendalletje’ ôfleverje wollen. Nettsjinsteande in grut ferskaat oan humoristyske sênes mei ûndûbelsinnige grappen, wol Venema wol deeglik in boadskip ôfjaan.
Romte: ‘In grut ferskaat oan humoristyske sênes mei ûndûbelsinnige grappen’
Spegel
Nei’t it publyk goed twa oeren lang fermakke is mei in ‘sitcom’ oer wenhuzen en harren bewenners troch de tiden hinne, hâldt aktrise Marjolein Ley it publyk oan ‘e ein dochs in spegel foar. De taskôgers ha dan wol ynsjoch krije kinnen yn hoe’t it measte minsklike leed him yn ‘e romte achter de foardoar ôfspilet – en troch de foegen nei bûten sipelet – mar úteinlik moatte we dochs op syk nei de romte yn ússels om ús libben de juste rjochting te jaan. It is sûnder mis in aardich útgongspunt. Us wenten as kapstôk, basis fan it húslik famyljegelok. Sjoch hoe’t de minsken wenje en je krije in prachtich byld fan de tiidgeast, dy’t derby heart. Hoe’t de minsken libje en tinke. En feroarje mei de tiden mei.
‘It is in genot om te sjen hoe moai Marjolein en Lourens harren rol mei oertsjûging delsette.’
~Resinsje: Omrop Fryslan – Henk te Biesebeek
~Foto: Bas de Brouwer