Maak kennis met…

Silke

Beste minsken.. Jaja, yn it Frysk. Ik bin eins de ienige “echte” Frysk yn ’t kernteam fan Try This fan dit jier. Dat lit ik dan fanselfs ek mar al te graach eefkes witte. Myn namme is Silke Veenema, bin 21 jier, wenje yn Dokkum en studearje Leisure and Events Management op ’t NHL Stenden yn Ljouwert.

Try This giet dit jier oer wa osto bist yn Europa en osto die Europeaan fielst os net, lyk as de foarstelling ‘Doarp Europa’. By de Freonenjûn fan Tryater wie d’r een discusje oer of’t dyn identiteit te koppeljen is oan de taal diest sprekst. Guon foenen dat al mar oaren ek net. Ik fien fan wol. Ik bin mei de Fryske taal opgroeit en ha my ek altiid Frysk fielt, mar fansels ek Nederlanner. Toch fiel ik my mear Frysk os Nederlanner. Ik bin grutsk op dat ik Frysk bin en sil dat ek altiid bliuwe.

Silke

Home is where the stage is