It fyftichjierrich jubileum fan Tryater waard in oktober grut fierd mei Grûn, in kronyk fan it libben fan twa boerefamyljes, skreaun en regissearre troch artistyk direkteur Ira Judkovskaja. Fanwege útferkochte foarstellingen is Grûn ein maaie op ‘e nij te sjen yn De Lawei. Freed 27 en sneon 28 maaie as jûnfoarstelling; snein 29 maaie as middeifoarstelling. Grûn fertelt it […]
Grûn fertelt it ferhaal fan twa boerefamyljes út itselde doarp. It is it ferhaal fan de libbens fan dizze famyljes, yn goede en minne tiden. It publyk sjocht hoe’t dizze minsken, gewoane minsken, sykje nei sinjouwing, mei elkoar en op harsels.
De iene famylje is roomsk en hâldt al fjouwer generaasjes it boerebedriuw draaiende. De oare famylje is herfoarme, by harren waard it boerebedriuw yn de jierren santich fuortsanearre. De famyljes libje al trije generaasjes lang óp en fán it lân dêr’t harren âlden en foarâlden libben. Grûnis in syktocht nei it libben mei al syn nuânses en kompleksiteit. Mei alles wat dierber is en de betreklikheid dêrfan. By it begjin en by de ein fan it libben fielst watst foar mekoar betsjutst, dát binne de mominten dy’t der werklik ta dogge. Mar úteinlik moat it libben hielendal libbe wurde. Dat jildt foar elkenien… It giet troch, hoe dan ek.
In famyljekronyk is in sjenre dat by útstek geskikt is om ús 50-jierrich jubileum te fieren. It is in moaie foarm om de alsidichheid fan de skiednis fan in minskelibben sjen te litten. Yn Grûn giet it om minsken lykas elkenien, mei universele wearden, dêr’t lok en fertriet neist mekoar steane yn it libben. Werkenber, om te laitsjen en om by stil te stean…
Dekôrûntwerper Roos van Geffen makket de grutte seal fan De Lawei ta it universum mei dêryn ús ierde (mei al har bewenners). De planeten fan filt yn har dekôrûntwerp komme fan filtkeunstneresse Claudy Jongstra, dy’t op dit stuit in eksposysje yn it Fries Museum hat. Peter Sijbenga ferbynt ferskate muzikale eleminten dy’t in langstme nei oerjefte oproppe.
Foar wa’t gjin Frysk ferstiet binne earkes mei in Nederlânske oersetting beskikber.